Brân yn Ljouwerter Abbingapark

18 jun 2008 - 20:25
  • Foto: Robert Jan Boonstra

By in brân yn in hok foar bisten yn it Abbingapark yn Ljouwert is asbest frijkommen. Wêrtroch´t it fjoer woansdei oan it begjin fan ´e middei ûntstie, is noch net bekend. Der binne gjin bisten by dearekke.

In spesjalisearre bedriuw rommet it asbest fan ´e dakplaten fan it hok op. Der is neffens de gemeente Ljouwert gjin gefaar foar de sûnens fan omwenners fan it Abbingapark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)