Brân yn lisboksstâl Lemmer

04 apr 2006 - 09:57

Yn in lisboksstâl oan de Dorawei op 'e Lemmer hat moandei brân west. Der stiene sawat hûndert kij yn de stâl. Dy koene der op 'e tiid úthelle wurde. Fierder wie der in himpplantaazje. In grut part fan de stâl is ôfbaarnd. De bewenner fan de pleats is mei hertproblemen ôffierd nei it sikehûs.

De brân ûntstie om kertier foar seizen. De brânwachtkorpsen fan De Lemmer en Balk ha de brân blust. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)