Brân yn leech hûs yn Garyp

01 jan 2014 - 09:30
  • Brân yn leech hûs yn Garyp

Yn Garyp is nijjiersmoarn oan de Mounehoeke in leechsteand hús útbaarnd. De melding kaam tsjin sânen binnen, mar doe't de brânwacht by de brân kaam, sloegen de flammen al ta it dak út en foel der neat mear te rêden. It neistlizzende hûs is wiethâlden om foar te kommen dat de brân oersloech. Om goed njoggen oere hie de brânwacht de brân ûnder kontrôle. De plysje hie de buert ôfset sadat de brânwacht derby komme koe. Der binne gjin gefaarlike stoffen frijkommen. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)