Brân yn konifearehage slacht oer op auto's yn Wynjewâld

28 des 2015 - 07:27

In konifearehage oan de Te Nijenhuiswei yn Wynjewâld is yn de nacht fan snein op moandei yn de brân stutsen. De hage fan 18 meter lang, baarnde hielendal ôf. Twa auto's dy neist de hage stiene, rekken swier skansearre. De plysje ûndersiket de saak en ropt tsjûgen op harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)