Brân yn Jouster tsjerke

07 jun 2003 - 00:00

In lytse brân hat foar grutte skea soarge yn 'e tsjerke fan 'e reformatoryske-evangelyske mienskip op 'e Jouwer. De brân is oanstutsen, der is in molotov-kokteel nei binnen smiten. Dêrtroch rekken de gerdinen yn 'e brân. Der is benammen roetskea.

De Pinkstertsjerketsjinst dy't snein yn 'e grutte seal hâlden wurde soe, kin net op dat plak trochgean. Der is wol in lytsere seal beskikber. De skea rint yn 'e tûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)