Brân yn hynstestâl yn Aldetrine

21 sep 2015 - 20:11
  • Reekûntwikkeling by brân yn hynstestâl Aldetrine

Yn in hynstestâl yn Aldetrine is moandeitejûn brân útbrutsen. Oan de foarside fan de 40 meter lange stâl stie isolaasjemateriaal yn it dak yn 'e brân. Meardere blusweinen wiene oproppen.

De brân wie om acht oere ûnder kontrôle. De lêste hynders binne ek út de stâl helle, sa meldt de brânwacht op Twitter. Om tsien oer achten waard it sein brân master jûn. De bewenners en de hynders binne mei de skrik frijkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)