Brân yn hûs Hallum

13 maaie 2009 - 10:43

Der hat tiisdeitenacht brân west yn in hûs oan de Memerdastate yn Hallum. Bewenners waarden wekker fan de reekmelder en koene op tiid it hûs út. Buorlju warskôgen de brânwacht.

In stoel yn de wenkeamer wie troch ûnbekende oarsaak yn brân flein. Yn de wenkeamer ûntstie reekskea, mar de bewenners koene de rest fan de nacht wol yn har eigen hûs bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)