Brân yn hokje oanstutsen

27 jul 2012 - 10:50

De brân fan ôfrûne woansdei yn in hokje op It Hearrenfean is oanstutsen. Dat hat bliken dien út technysk ûndersyk. It brantsje wie gau út, mar der kaam wol asbest frij fan de platen op it dak. In spesjalisearre bedriuw hat it spul oprêden. It hokje stiet yn de wyk De Greiden.

De plysje freget minsken dy't mooglik wat fertochts wat sjoen hawwe of dy't mear witte oer de brân oft se harren melde wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)