Brân yn himpkwekerij Ljouwert

14 jul 2011 - 11:13
  • argyffoto

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in man út dat plak oanhâlden, omdat er yn syn hûs in himpkwekerij hie. De plysje krige tsjin healwei fiven in melding oer in brân yn in hûs oan de Van Heemstrastrjitte.

Neidat dat útmakke wie, ûntduts de brânwacht de himpkwekerij. Dêrop waard de fertochte troch de plysje oppakt en meinaam nei it plysjeburo. Yn it hûs fan de man waard ek noch in wapen fûn. Dat is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)