Brân yn himpkwekerij Ljouwert

07 des 2013 - 11:14

De plysje hat tongersdeitemoarn yn de Blokhússteech yn Ljouwert in brân blust dy't yn in loads begûn wie. Yn it gebou siet in himpkwekerij mei 300 planten. De elektrisiteit wie yllegaal ôftape.

De brân ûntstie nei alle gedachten troch koartsluting yn it skeakelboerd. Troch fluch yngripen koe slimmer foarkommen wurde. Boppe de loads sitte ferskate wenten. De plysje hat noch net ien oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)