Brân yn Harns

01 maaie 2009 - 21:18
  • Der wie flink wat reekûntwikkeling (foto: Nick den Boer)

Der hat freedtejûn brân west by ôffalferwurkingsbedriuw Visser yn Harns. Om kertier foar achten hinne rekke troch noch ûnbekende oarsaak in partij daklear yn 'e brân. Dy lei tsjin in loads oan.

By de brân ûntstie in soad reek dy't oant fier yn 'e omkriten te sjen wie. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de loads. Nei trije kertier wie de brân ûnder kontrôle en koe de brânwacht begjinne mei it neiblussen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)