Brân yn finzenis Het Poortje

17 nov 2006 - 11:28

Yn jeugdfinzenis Het Poortje yn Feanhuzen hat tongersdei brân west. De brân ûntstie yn in sel, mar de finzene koe op 'e tiid de sel ferlitte. Alle oare finzenen hawwe út foarsoarch in oerke trochbrocht op it luchtplak.

Der is grut alarm slein yn ferbân mei erfarings as dy fan de Schipholbrân. De brânwacht fan Haulerwyk en Easterwâlde joegen assitinsje. Fierder wie in mobyl medysk team oproppen. Oer skea en oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)