Brân yn Easterwâlde

14 des 2006 - 10:14

Oan de Hieming yn Easterwâlde is woansdeitenacht in âld ferieningsgebou yn flammen opgien. Doe't de help- tsjinsten oankamen, wie it fjoer al heech oplôge. Ek in oantal kontainers mei sloopôffal stie yn de brân.

De brânwacht koe foarkomme dat in kraan ek opbrânde. Dy stie by it gebou fanwege sloopwurksemheden. It hiele gebou is úteinlik ôfbrând. De plysje slút net út dat de brân oanstutsen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)