Brân yn Dolsterhuzen

13 nov 2000 - 13:59

Oan de Marwei yn Dolsterhuzen is sneintemoarn in loads ôfbaarnd. In tal boaten en in trekker dy't der yn stienen gienen folslein ferlern.

In wenhûs njonken de loads rûn gjin skea op. De bewenners fan it hûs wienen net thús. De buorlju ûntdutsen de brân en koenen de hûn út it hûs helje. De brânwacht fan Ychten en de Lemmer hie de brân yn in heal oere blust.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)