Brân yn depot Omrin Damwâld

27 apr 2009 - 10:13

By Damwâld hat sneintejûn brân west yn it ôffaldepot fan Omrin. Dêrby is in loads skansearre rekke. Meiwurkers fan Omrin besjogge op dit stuit hoe grut as de skea krekt is. Yn de loads stie ek in kraan. It ôffaldepot wurdt brûkt troch ynwenners fan Noardeast-Fryslân foar it stoarten fan grut hûssmoargens.

Hoe't de brân ûntstean koe is noch net dúdlik, mar it terrein is jûns ridlik maklik te berikken. Ek is der net folle tafersjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)