Brân yn Comeniuskolleezje

06 apr 2006 - 16:27

By in brân yn it Comeniuskolleezje oan de Esdoarnstrjitte yn Ljouwert binne woansdeitejûn fiif klaslokalen ûnbrûkber wurde. De brân is nei alle gedachten ûntstien troch koartsluting nei in ynbraak. Dy soe plakfûn hawwe yn in bewegingsmelder bûtendoar. De skea rint yn de tsientûzenen euro's.

De brânmelding kaam om sawat tsien oere binnen. Om acht oere hinne is der ûnder oare in kompjûter stellen, sa hat út ûndersyk bliken dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)