Brân yn Boalsert

29 maaie 2004 - 00:00

Boalsert is sneontemoarn opskrikt troch in koarte, mar fûle brân. In wenhûs oan de Tsjerkestrjitte waard folslein yn de jiske lein. It fjoer ûntstie om tsien oere, troch wurk oan it dak. De brânwacht hat in heal oere oan it blussen west.

By de brân is nimmen ferwûne rekke. De bewenners koene har hûs op tiid ferlitte. Neffens de brânwacht hat der gjin gefaar west foar omlizzende gebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)