Brân yn bistewinkel

09 jul 2001 - 00:00

It magazyn fan in bistewinkel oan de Skrâns yn Ljouwert is sneintenacht folslein útbaarnd. De bisten yn de winkel koene allegear rêden wurde. Allinnich de kat en de pappegaai fan de eigner kaam om.

De brân is nei alle gedachten ûntstien troch koartslúting yn in fentilator by ien fan de rúten. De brânwacht wie op tiid om it fjoer út de winkel te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)