Brân yn bedriuwshal polyesterbedriuw Wolvegea

12 jan 2015 - 21:05

Yn in bedriuw oan de Metaalstrjitte yn Wolvegea hat moandeitejûn brân west yn ien fan de bedriuwshallen. De brânwacht moast lang sykje wêr't de brân weikaam, om't de kearn yn it plafond siet. By de syktocht waard in waarmtebyldkamera ynset. Nei in oere waard it sein 'brand meester' jûn. De brânwacht waard alarmearre nei't de eigener problemen krigen hie mei de cv-ynstallaasje.

Om't it om in polyesterbedriuw gie, skaalde de brânwacht op nei middelbrân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)