Brân yn basisskoalle Damwâld

13 aug 2006 - 13:42

Der hat sneontemiddei brân west yn basisskoalle De Fontein yn Damwâld. Tsjin fiif oere seagen omwenners dat der reek kaam út in fentilaasje- iepening yn de gevel fan de skoalle. Ek fanôf it dak wie reek te sjen.

De brânwacht waard warskôge. Dy hat it fentilaasjeroaster ferwidere en wetter de skoalle yn spuit. It fjoer wie ûntstien yn de kompjûterrûmte. De krekte oarsaak is noch net bekend. De skoalle hat reek- en wetterskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)