Brân yn appartemint Ljouwert

18 sep 2013 - 15:09
  • Brân yn Ljouwert

In útslaande brân hat woansdeitemoarn betiid in appartemint fernield op twa-heech oan it Saailân yn Ljouwert. De bewenster waard wekker fan de brân en warskôge de buorlju. De brânwacht kaam manmachtich om de brân te blussen. De bewenners fan de twadde en tredde ferdjipping koene feilich it gebou ferlitte.

De bewenster fan it appartemint is troch ambulânsepersoniel kontrolearre, se is net ferwûne rekke. It gebou hie in protte blusskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)