Brân Wumkesstrjitte De Jouwer

18 des 2013 - 07:53

Bewenners fan trettjin apparteminten oan de dr. G.A. Wumkesstrjitte op De Jouwer binne tiisdeitejûn út harren hûs helle neidat der brân wie yn ien fan de kelders. De brânwacht wist de brân rap ûnder kontrôle te krijen. Troch it fjoer ûntstie lykwols in soad reek, wat foar tefolle koalstofmonokside yn de apparteminten soarge. Foar de bewenners is oar ûnderdak socht.

Twa bewenners waarden út foarsoarch ûndersocht om't se in soad reek ynazeme hienen. By de brân rekke gjinien ferwûne. De plysje slút brânstifting net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)