Brân wenhûs yn Steggerda

29 des 2010 - 09:55

In brân yn Steggerda soarge tiisdei foar kommoasje. Omwenners seagen sawat healwei alven reek út in hús oan de Pastoor Schuttestrjitte kommen en bellen fuortdalik 112. De bewenner wie op dat stuit noch yn it hús oanwêzich. Doe't de brânwacht even letter by de wenning oankaam ha se de 54-jierrige bewenner dalik út syn hûs helle.

De man is nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht om't der reek ynademe hie. It is noch net dúdlik wêrtroch't de brân krekt ûntstien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)