Brân by Visser yn Harns

27 jan 2011 - 10:48
  • De útbaarnde shredder (foto: Omrop Fryslân)

Op it terrein fan ôffalferwurker Visser yn Harns hat tongersdeitemoarn in koarte fûle brân west. Yn in shredder dêr't smoargens yn fynmakke wurdt, bruts om njoggen oere ynienen brân út. Dêrby kaam in soad reek frij. De shredder stie bûten op it terrein oan de Galvanistrjitte. De masine is folslein útbaarnd. De skea is grut: de masine kostet 3 oant 3,5 ton.

Ein oktober hat der ek al brân by Visser west, doe bruts der brân út yn in berch smoargens yn in loads.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)