Brân by Van Ginkel yn Dokkum

09 jan 2008 - 07:48
  • De brân by Van Ginkel yn Dokkum (foto's Gijsbert Zijlstra/ Radio NOF)

De brân by meubelstoffearingsbedriuw Van Ginkel yn Dokkum is ûnder kontrôle. De brânwacht fan Dokkum is noch wol oan it neiblussen. Fanwege it bluswurk is de Holwerderwei by Dokkum ôfset. Ferkear wurdt omlaad.

By de brân is mooglik asbest frijkaam, dêr wurdt noch ûndersyk nei dien. Oer de oarsaak fan de brân en de omfang fan de skea is noch neat bekend. De brân begûn woansdeitemoarn tsjin sânen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)