Brân by Van der Meulen Hallum

28 jan 2009 - 14:31

Der hat woansdeitemoarn brân west by bakkefabryk Van der Meulen yn Hallum. Troch oerferhitting rekke in skoarstien yn 'e brân. De produksje waard fuortendaliks stillein, mar de alarmearre brânwacht hoegde net yn aksje te kommen.

Der hawwe him gjin persoanlike ûngemakken foardien, der is wol sprake fan reekskea. Ek rekken ûnderdielen fan masines skânsearre. It is noch net dúdlik wannear't de produksje fan bakken yn Hallum wer begjinne kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)