Brân ûnder kontrôle

09 jun 2013 - 10:17

De brânwacht hat de brân op de Saturnus op It Hearrenfean ûnder kontrôle. De brân ûntstie sneintemoarn om acht oere hinne, nei alle gedachten yn in papierkontainer en sloech dêrnei oer nei in frachtauto. Dêrnei rekken nochris fjouwer frachtauto's yn 'e brân. Alle frachtauto's binne folslein ferlern gong, se wiene laden mei libbensmiddels. Ek in tal kontainers is ferbaarnd.

Fanwege de reek dy't frijkaam waarden ynwenners fan it sintrum fan It Hearrenfean oproppen ruten en doarren ticht te hâlden. De plysje ferstjoerde dêrfoar ek in NL-Alert.

Ut mjittings hat bliken dien dat der gjin skealike stoffen yn de reek sieten, al is it ynazemjen fan reek noait goed. Om dy reden waard publyk ek op ôfstân hâlden. Boppedat knalden putdeksels omheech, mooglik troch it bluswetter of troch disel dy't yn it rioel kaam.

Troch de grutte ynset koe de brânwacht foarkomme dat de brân oersloech nei de neistlizzende gebouwen. It giet dan ûnder oare om it distribúsjesintrum fan de Lidl. By de brân is nimmen ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)