Brân tsjerke klap foar Amelân

05 feb 2013 - 12:50
  • Clemenstsjerke nei de brân
  • Clemenstsjerke Amelân
  • Clemenstsjerke It Amelân Nes
  • Clemenstsjerke It Amelân Nes

It ôfbaarnen fan de monumintale Sint Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân is in grutte klap foar de eilânbewenners. Fan it ryksmonumint is hast neat mear oer, allinnich de muorren stean noch oerein. De pastorij en in bygebou koene noch rêden wurde, mar dat is alles.

Neffens boargemaster De Hoop fan It Amelân komt de klap ek hurd oan omdat in grut part fan de befolking persoanlike oantinkens oan de tsjerke hat. De tsjerke is fan 1878 en is ûntwurpen troch arsjitekt Cuijpers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)