Brân troch ynslaggen

28 jul 2013 - 09:55

Oan it Mounpaad yn Aldegea Smellingerlân is sneontenacht om in oere as trije in wenhûs ôfbrând, as gefolch fan in ynslach fan de wjerljocht by de skoarstien. De brân waard ûndutsen troch buorlju, mar doe sloegen de flammen der al út. De brânwacht fan Burgum en Tytsjerk waard oproppen om de brân te blussen. As gefolch fan de brân en de wjerljocht wie der gjin stroom by de huzen yn de buert.

De bewenner wie op it stuit fan de brân net thús, hy siet yn in fakânsjehúske oan de Headammen, ek yn Aldegea.

Ek op De Rottefalle wie in ynslach, yn in hûs oan de Arendswyk. Dêr waard wol skea oanrjochte, de brânwacht fan Drachten koe wol foarkomme dat it hûs ôfbrânde. Ek hjir wie de stroom der ôf, as gefolch fan de ynslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)