Brân troch magnetron yn Snits

29 sep 2010 - 11:17

Yn Snits hat tiisdeitenacht brân west yn in hûs oan de Kempiusstrjitte. Troch noch ûnbekende oarsaak wie de magnetron yn de keuken yn de brân flein. It hiele hûs kaam fol reek te stean. De bewenners binne troch de plysje út hûs helle. Ek bewenners fan de huzen derneist binne út foarsoarch út hûs helle. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Yn it sikehûs binne de bewenners, in frou en har trije dochters, behannele om't se reek ynazeme hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)