Brân troch fjoerwurk yn Heech

16 jan 2011 - 14:32

De plysje ûndersiket de brânstifting yn in hûs oan de Spinnekop yn Heech. De 79-jierrige bewenster waard nachts goed healwei trijen wekker troch in ljochtflits. Se gie fan 't bêd en seach dat de foardoar yn 'e brân stie. Se wist de brân sels te blussen.

Doe't de plysje kaam waarden earst de ruten iepenset fanwege de reek. Bliken die dat in saneamde 'wondertol' troch de brievebus goaid wie. Der wie skea oan de foardoar, in gordyn en in fitraazje. De frou hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)