Brân troch bubbelbad yn bordeel

17 okt 2005 - 12:24

Troch nei alle gedachten in stikken bubbelbad is yn 'e nacht fan sneon op snein brân ûntstien yn in bordeel oan de Heerestrjitte yn Ljouwert.

De brânwacht hie it fjoer yn ien fan de keamers op de boppeste ferdjipping gau ûnder kontrôle. Der rekke net ien by ferwûne. Mooglik ûntstie de brân troch koartsluting yn de motor fan in bubbelbad. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)