'Brân Suderbuorren oanstutsen'

08 jun 2007 - 10:53

De brân yn in monumentale boerepleats yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren fan trije wiken lyn is nei alle gedachten oanstutsen. Dat tinkt de plysje nei grut buertûndersyk.

De plysje is op syk nei tsjûgen dy't yn de betide moarn fan snein 13 maaie wat sjoen hawwe. Yn dat wykein wie yn de wyk it Aquafestival. Seis resjersjeurs wurkje oan 'e saak. Yn maart is alris earder besocht de pleats yn 'e brân te stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)