Brân sportskoalle It Fean

11 feb 2010 - 06:28
  • Brân yn de sportskoalle op It Hearrenfean (foto: Jaring Rispens)

In part fan sportskoalle In Motion Wellness op It Hearrenfean is yn de nacht fan woansdei op tongersdei útbaarnd. De brânwacht hie grut alaarm jûn omdat de sportskoalle midden yn in grut winkelgebou sit mei deryn in winkel fan Lippe Lap en Leenbakker.

De brân wie gau ûnder kontrole, mar de skea by de sportskoalle is grut. De measte apparatuer is ferlern gien. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de beide oare winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)