Brân: sneu begjin fan fakânsje

16 sep 2003 - 00:00

Yn Formearum op Skylge belibbe in echtpear út Epe in sneu begjin fan harren kampearfakânsje. Nei't se de koelkast oansluten hiene op 'e gasfles, hearden se in lûde knal. Fuortendaliks fleach de tinte yn 'e brân.

It fjoer wie net mear te hâlden en de tinte baarnde hielendal ôf. De brânwacht koe inkeld mar neidweste. Aldergelokst stie noch net al it guod yn 'e tinte. De man en de frou binne opfongen troch de campinglieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)