Brân Skylge liket ûnder kontrôle

18 maaie 2004 - 00:00

De brân yn natuergebiet De Boschplaat op Skylge liket ûnder kontrôle te wêzen. Twa helikopters kamen moandeitejûn noch yn aksje, mar dat liket tiisdei net mear nedich. Der binne brângongen groeven en dy steane no blank fan it bluswetter.

De brângongen moatte tefoaren komme dat it fjoer him fierder ferspriedt. Tweintich man fan de Seefeartskoalle sille mei de skeppe besykje it fjoer út te krijen foar't de wyn wer oanhellet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)