Brân by Sinees Ljouwert

24 mrt 2004 - 00:00

By ôfhel-Sinees He Zhon oan de Skrâns yn Ljouwert hat yn de nacht nei woansdei brân west. Bewenners boppe de saak moasten fanwege reek-oerlêst koart har wenning út. De brânwacht dy't mei trije blusauto's te plak wie, hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

De skea bleau dêrtroch beheind. Net ien rekke ferwûne en ek de kat is feilich út de reek kaam. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)