Brân by recyclingbedriuw

03 maaie 2009 - 05:11
  • Eigner en brânwacht wurkje gear om it fjoer te bestriden

De brânwacht hat sneontenacht drok dwaande west mei in brân by Total Recycling Industries yn Ljouwert. Dêr stie in grutte stapel bannen yn 'e brân. De plysje slút brânstifting net út. De eigner holp mei troch mei in shovel it baarnende guod te ferriden.

Nei mjittings die bliken dat der wol skealike stoffen frijkamen, mar dat der gjin direkt gefaar wie foar de omjouwing. Yn totaal hat der no al fjouwer kear brân west by it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)