Brân polyesterbedriuw Wolvegea

30 mrt 2009 - 09:58
  • By dit bedriuw ûntstie moandeitemoarn brân

By polyesterbedriuw Duursma yn Wolvegea hat moandei in koarte, fûle brân west. Dêrby binne gefaarlike stoffen frijkaam, mar net yn hege konsintraasjes. Njonkenlizzende bedriuwen krigen de opdracht ruten en doarren ticht te hâlden.

Duursma ferwurket polyester, epoksyhars en oare keunststoffen, ûnder oare foar de jachtbou. De brân ûntstie yn 'e spuiterij dy't grutte skea oprûn. By de brân binne gjin minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)