Brân op Urker kotter

04 jan 2010 - 10:14
  • De UK 143 dêr't de brân oan board is

Op in fiskersskip dat sa'n 70 kilometer boppe Skylge fart is brân útbrutsen. Dat hat de Kustwacht moandeitemoarn bekend makke. It skip út Urk hat fiif bemanningsleden oan board. Dy binne neffens de Kustwacht net direkt yn gefaar.

De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak yn de masinekeamer. De bemanning besiket it fjoer no sels út te krijen. Neist de rêdingsboaten fan Skylge binne ek sleepboaten en helikopters ûnderweis foar help.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)