Brân op syljacht

08 jun 2013 - 11:49

De brânwacht fan De Jouwer hat fannacht dwaande west mei in brân by Goiïngaryp. Dy ûntstie yn in acht meter lang sylskip. Doe't de brânwacht oankaam, wie it skip al foar in grut part útbaarnd. De brânwacht hat dêrnei benammen dwaande west mei it blussen fan de baarnende keunststof steger. Dy wie dreech út te krijen. Omdat brânende stikken fuortdreaunen, waard de blusboat fan Langwar ek noch oproppen.

By de brân is nimmen ferwûne rekke. De brânwacht wie pas let op it plak fan de brân. Der wie gjin dúdlike lokaasje trochjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)