Brân op 'e Lemmer

10 apr 2007 - 22:11

By in brân op 'e Lemmer binne tiisdeitejûn in auto en in caravan ferlern gien. Beide stienen yn in garaazje dy't folslein ôfbaarnde. Omdat it om in útslaande brân gie waarden twa brânwachtkorpsen ynset, dat fan de Lemmer en fan Ychten. Dy korpsen koenen foarkomme dat de brân oersloech nei de neistlizzende wente.

By de brân is nimmen ferwûne rekke. Wat de oarsaak is wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)