Brân op 'e Lemmer

14 mrt 2006 - 12:59

Troch adekwaat yngripen hat de brânwacht op 'e Lemmer moandeitemoarn foarkomme kind dat in hiel huzeblok yn 'e brân fleach. De brân ûntstie yn 'e bar yn kafee Le Duc dy't yn direkte ferbining stiet mei diskoteek Dockside.

Omdat beide gebouwen behoarlik ynboud stean, waard opskaald nei in grutte brân. Uteinlik hat allinnich it kafee in soad skea oprûn en de diskoteek allinnich reekskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)