Brân op dak winkel Wolvegea

08 maaie 2011 - 13:25

In brânwachtman (21) hat sneontemiddei yn it sintrum fan Wolvegea in útslaande brân op it dak fan in winkel yn de Haadstrjitte gau útmakke mei help fan in poeierblusser en in túnslang. De man siet op in terras. doe't er in brânlucht rûkte en gie nei oanlieding dêrfan op syk nei de brân.

Troch it flugge yngripen fan de brânwachtman waard in folle gruttere brân foarkommen. It fjoer wie ûntstien yn in droege blombak, dy't tsjin in houten sket stie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)