Brân op AZC Drachten

12 apr 2006 - 10:08

In koarte fûle brân hat in wenblok op it asylsikersintrum yn Drachten tiisdeitemiddei folslein fernield. De tsientallen bewenners hawwe nei alle gedachten op 'e tiid it gebou ferlitte kinnen.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. De wenunit wie fan hout en frij droech en woe dêrtroch omraak brâne. De reekwolken wiene oant yn 'e fiere omkriten te sjen. In twadde wenunit waard ek tydlik ûntromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)