Brân oan Dracht op It Fean

03 des 2007 - 10:12

Op It Hearrenfean hat sneintemiddei brân west yn in winkel oan de Dracht. De bewenner boppe de winkel hearde de brânmelder en seach reek yn syn wenkeamer. Hy belle de plysje en dy warskôge omwenners.

De brân is wierskynlik ûntstien troch koartsluting of in kearske yn 'e winkel. Troch de waarmte sprong de wetterlieding. Sa waard it fjoer útmakke. De winkel hie reek- en wetterskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)