'Brân is net foar te kommen'

03 jul 2014 - 12:07

It is eins net foar te kommen dat der ien kear yn de fiif jier in grutte brân útbrekt yn it sintrum fan Ljouwert of yn fergelykbere âlde binnenstêden. Dat seit arsjitekt Broor Adema fan Dokkum. Adema ferbout al jierren âlde gebouwen yn de binnenstêden fan Fryslân.

Neffens Adema moatte alle âlde gebouwen dêr't de lêste tritich jier neat oan dien is neisjoen wurde om se feilich te meitsjen en dat is net te dwaan. Alde gebouwen dy't tsjintwurdich mei fergunning ferboud wurde binne wol feilich, seit hy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)