Brân motorjacht Earnewâld

14 jul 2007 - 17:28

In lytse brân yn de masinekeamer fan in motorjacht by restaurant Iesicht yn Earnewâld hat sneon oan de ein fan de middei foar wat opskuor soarge.

De eigner wie krekt oan it proeffarren mei syn nije jacht doe't de brân ûntstie, nei alle gedachten troch koartsluting. De man belle gau de brânwacht. Dy rukte út mei twa korpsen, mar hoegde net yn aksje te kommen. De eigner hie de brân sels al útmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)