Brân moskee: fertochte oanhâlden

13 nov 2004 - 09:32

De plysje hat freed in 25-jierrige Jouster oanhâlden foar de brân yn in moskee op It Hearrenfean woansdei. De plysje kaam de man op it spoar fia in 112-melding fan de brân. De stim fan de melder waard troch in plysjeman werkend.

De man hat al earder yn oanrekking west mei de plysje fanwege ynbraak, stellerij en bedriging. Hy hat in folsleine bekentenis ôflein. De man wie yn it besit fan brânbere floeistof en rjochts-ekstremistyske posters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)