Brân: mooglik koartsluting

10 mrt 2007 - 16:14
  • Eigner Douwe Blom yn syn winkel nei de brân

De brân by moadesaak Blom yn Ljouwert is mooglik feroarsake troch koartsluting. De technyske resjerzje hat sneontemoarn ûndersyk dien. De definitive konklúzjes fan it ûndersyk wurde letter bekendmakke.

Eigner Douwe Blom hat sneontemoarn mei skea-eksperts yn syn útbaarnde winkel oan it Saailân west. Neffens him rint de skea yn de tonnen. Net inkeld it gebou hat skea, ek de kleankolleksje is ferlern gien by de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)